Frijheid in het Fries door Maartje Slot

Frijheid

As frij wêze is: do hâldst dyn mûle
Want ik haw wat te sizzen

As frij wêze is: do efter traaljes, want
dan hoege wy net bang te wêzen
foar al dyn oars wêzen, dwaan en oars litten

As frij wêze is: de dei fan moarn
strak fêststelle troch de dei fan hjoed
wat minder dei wêze te litten

As frij wêze is: de doarren slute
en op it byldskerm frij besjen
wat feilich út ‘e buert wêze moat

As frij wêze is: hyltyd rêstich sliepe
omdat de oaren harren tonge moedwillich
ûntnommen is

As frij wêze is: ite wat en wannear ‘st do wolst
mar de skilen falle litte yn ‘e krante
wêr de hûnger stilhâlden wurdt

As frij wêze is: net hoege te witten
wat my frij makke hat, my frij hâldt, my
yn frijheid eltse dei gefangen nimmt

As frij wêze is: wachtsje oant de oar
my befrijt fan eangsten wêr ‘t ik
hillich op fertrou

As frijheid myn tinken pleistert
As frijheid om my hinne oerol rûnom
en yn my waait,
mar foar dy net te fangen is

As frijheid my beskermt
tsjin dyn ideeën die ‘t foar my te
frjemd binne

As frijheid foar my hjoed sa fansels liket
en do net witst
wat dat betsjut

Dan is frijheid munt foar my
en kop derôf foar dy
Dan is frijheid lucht en eigenmachtich

Mar stiet it my miskien wol frij
om wat fan myn riante frijheid – mei
fan wjerskanten goedfinen fansels –
tydlik of foar langer skoft
ôf te stean om dy
fan myn ferstikkende frijheid
te befrijden

Marion Bloem

Friese vertaling door Maartje Slot
From original poem “Vrijheid” (Freedom) by Marion Bloem