Frijheid in het West-Fries (Leeuwarden) door Louwe Boekema

Frijheid

As frij weze is: hald dy stil
want ik haw wat te sizzen

As frij weze is: do efter traaljes, want
dan hoege wy net bang te weze
foar al dyn oars weze en dwaan en oars litte

As frij weze is: de dei fan moarn
strak feststelle troch de dei fan hjoed
wat minder dei te weze litte

As frij weze is: de doarren slute
en op in byldskerm frij besjen
wat feilich ut de buert weze moat

As frij weze is: hyltyd restich sliepe
meidat de oaren harren tonge willemoeds
untnimme is

As frij weze is: ite wat en wannear do wolst
mar de skile yn ‘e krante falle litte
wer de hunger wurdt ferswiigje

As frij weze is: net witte hoeve wat my
frijmakke hat, my fry haldt, my
yn frijheid eltse dei my finzen nimmt

As frijheid is: wachtsje oant de oar
my befrijt fan eangsten wer ik
hillich op fertrouw

As frijheid myn betinken plastert
as frijheid om my hinne oeral runom
en yn my waait
mar foar dy net te fange is

As frijheid my beskermt
tsjin jimme idee├źn dy foar my te
oars binne

As frijheid foar my hjoed sa
fansels liket, en dy net
wittest wat soks besjutte

Dan is frijheid munt foar my
en kop derof foar dy
Dan is frijheid lucht en likefolle wat

Mar steat it my altemets wol frij
om wat fan myn riante frijheid – mei
fan wjerskanten goedfinen fansels-
tydlik of foar langer skoft
ou te stean om dy
fan myn fersmoarende frijheid
te befrije.

Marion Bloem