Frijheid in West-Fries door Jan Muizelaar

Frijheid

As frij wêzen is: hâld dy de mûle
want ik ha wat te sizzen

As frij wêzen is: do efter traaljes, want
dan hoege wy net bang te wêezen
foar al dyn oars wêzen en dwaan en oars
litten

As frij wêzen is: de dei fan moarn
strak bepale troch de dei hjoed
wat minder dei wêze te litten

As frij wêzen is: de doarren slute
en op it byldskerm frij besjen
wat feilich út de buert wêze moat

As frij wêzen is: hieltyd rêstich sliepe
om’t de oaren de tonge moedwillich
ûntnommen is

As frij wêzen is: ite wat en wannearsto wolst
mar de skilen falle litte yn de kranten
dêr’t de honger ferswijd wurdt

As frij wêzen is: net hoege te witten wat my
frij makke hat, my frij hâldt, my
yn frijheid eltse dei finzen nimt

As frijheid is: wachtsje oant in oar
my befrijt fan eangsten dêr’t ik
hillich op betrou

As frijheid myn tinken pleisteret
As frijheid om my hinne oeral rûnom
en yn my waait,
mar foar dy net te fangen is

As frijheid my beskermet
tsjin dyn ideeën dy’t foar my te
oars binne

As frijheid foar my hjoed sa
fansels liket, en do net
witst wat dat betsjut

Dan is frijheid munt foar my
en kop der ôf foar dy
Dan is frijheid lucht en eigenwille

Mar it stiet my miskien wol frij
om eat fan myn royale frijheid – mei
goedfinen fan wjerskanten fansels-
tydlik of foar langere duer
ôf te stean om dy
fan myn ferstikkende frijheid
te befrijen

Marion Bloem